Skylge wol sterke mienskip; bewenners meie meiprate


De gemeente Skylge wol de kommende jierren ynsette op in sterke mienskip, in weardefolle omjouwing en in duorsume ekonomy. Dat stiet yn de takomstfyzje, dy’t boargemaster en wethâlders de gemeenteried foarlizze. Dy praat der ynkoarten oer.

Brandaris

Brandaris – Foto: Omrop Fryslân

It plan is opsteld yn oerlis mei in groep eilanners, maatskiplike organisaasjes en saakkundigen fan bûten Skylge. De oare eilanners kinne der ek oer meiprate, se kinne oanjaan wat se de belangrykste punten fine of sels noch ideeën ynbringe.

De takomstfyzje wurdt úteinlik yn maaie takom jier definityf fêststeld.

Bron: Omrop Fryslân (17 november 2015 – 15:36)

Dit delen
facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailfacebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

About the author: Jan-Theun Visser

Leave a Reply

Your email address will not be published.